Mei in flot de alve stêden del

© Omrop Fryslân
De Alvestêdetocht ôflizze mei in flot. Dy wrâldprimeur hat Scoutinggroep Burmania fan Ljouwert. Fjouwer leden binne sneon oan har tocht begûn.
It selsmakke flot wurdt oandreaun troch in bûtenboardmotor. Op it flot is in tinte boud. Alle dagen hoopje de leden 25 kilometer ôf te lizzen. Takom wike sneon moatte se werom wêze yn Ljouwert. It 75-jierrich bestean fan de scoutinggroep wie oanlieding om de âlvestedetocht mei in flot te dwaan.