Linders nei mearkampfinale

01 maaie 2004 - 00:00

Loes Linders hat har op it EK turnjen pleatst foar de mearkampfinale. De turnster fan It Hearrenfean waard tolfde. In finaleplak op in tastel hie har in Olympysk startbewiis opleverje kinnen. Dat hie kinnen op balke. Se begûn dêr goed, mar stapte healwei de oefening te fier achterút. Se foel net, mar wie net mear konsintrearre.

Nathalie Bletterman kaam freed yn aksje op twa tastellen. Se pleatste har net foar in finale. It EK is foar har oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)