Strangere kontrôle yn bosken

© Omrop Fryslân
De Fryske bosken yn Opsterlân en Smellingerlân wurde tenei stranger kontrolearre. Ferskate natuerorganisaasjes wurkje gear mei de plysje. De kommende seis wike wurdt earst sjoen oft besikers harren oan 'e regels hâlden en dêrnei wurde warskôgings útdield.
Ferbean is njonken de paden rinne en de hûn losrinne litte. Ek motorcrossers en mountainbikers kinne rekkenje op in bekeuring.