Driezum hat nij oarlochsmonumint

© Omrop Fryslân
Yn Driezum is tongersdeitejûn in oarlochsmonumint ûntbleate. It byld is bedoeld as neitins oan 'e fjouwer Driezumers dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch om it libben kamen en de iene jongeman dy't sneuvele yn Nederlânsk Yndië.
It byld is makke troch de âld-Driezumer keunstner Oene van der Veen. De swiere stiennen sokkel symbolisearret it leed. Dêrop stiet de bewarder fan 'e frede, útfierd yn hout.