Fytspaad foar gefaarlike Trekwei

30 apr 2004 - 00:00

Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân binne it iens oer de ferbettering fan de Strobossertrekwei. De dyk is no net feilich genôch. Der komt in fytspaad njonken de dyk en fierders bliuwt de wei ôfsluten foar frachtferkear.

Hoe breed de nije dyk wurdt, is noch net fêststeld. Wol fine de gemeenten dat de Strobossertrekwei gau oanpakt wurde moat, om't dy no net feilich is. Der barre in soad ûngelokken op 'e dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)