30 april: fierljeppe op Aruba

30 apr 2004 - 00:00

22 minsken dogge op Keninginnedei op Aruba mei oan in typysk Fryske sport: fierljeppe. De wedstriid is organisearre troch eigner Willem Grol fan ytkafee De Paddock. Omdat der op Aruba gjin sleatten binne, wurdt fan 'e kaai ôf de see ynsprongen. Dat wurdt net dien mei in polsstok, want dy ha se net, mar mei in mêst fan in surfplank.

De ôfstân dy't ljept wurdt, wurdt opmetten troch twa dûkers dy't de ljeppers yn see opheine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)