Mooglik nijbou yn Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Op it terrein fan 'e eardere garaazje oan De Dellen yn Surhústerfean wurde miskien huzen boud. In projektûntwikkelder fan It Hearrenfean hat plannen foar tritich apparteminten op dat plak. It leit flak bûten it sintrum.
Der is mooglik ek plak foar minsken dy't soarch nedich hawwe. It giet nei alle gedachten om hierhuzen. De gemeente Achtkarspelen stiet posityf tsjinoer de plannen.