De Graafschap - Cambuur: 1 - 1

30 apr 2004 - 00:00

Cambuur spile tongersdeitejûn yn Doetinchem knap gelyk tsjin De Graafschap: 1-1. It gelykspul wie namste knapper, omdat Cambuur trije spilers misse moast. Angelo Martha, Henry Bakker en Ibad Muhammedu wiene der net by. Se wiene te let yn Ljouwert oankommen en waarden troch trainer Dick de Boer nei hûs ta stjoerd.

It wie de skuld fan Martha. Dy wie te let út Amsterdam fuortgien; Bakker en Muhammedy soene út Hoarn wei meiride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)