Gjin fertreksintrum yn Dokkum

29 apr 2004 - 00:00

Der komt gjin fertreksintrum foar útprosedearre asylsikers yn Dokkum. De gemeenteried fan Dongeradiel stimde tongersdeitejûn hast unanym tsjin de komst fan in fertreksintrum. Achttjin fan de njoggentjin riedsleden stimden tsjin. Allinnich de VVD wie foar.

B&W Dongeradiel wiene foarstanner fan in fertreksintrum. Der soe wurk wêze foar 20 oant 25 minsken. It sintrum soe yn it hjoeddeistige azc komme, dat yn 2005 tichtgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)