Bûtenlânske pinpas-fraude

© Omrop Fryslân
Ferskate Friezen binne de ôfrûne moanne it slachtoffer wurden fan pinpasfraude. In man fan it Hearrenfean (57) kaam der fan 'e wike achter dat der yn Barcelona 1530 euro fan syn rekken opnommen wie. Nuver, want de man hat noch nea yn Barcelona west. Yntusken hat ek in twadde slachtoffer - ek fan it Hearrenfean - him by de plysje melden.
Der binne mooglik mear slachtoffers, ek in ynwenner fan Harns is soks oerkommen.