Waarm jûntsje op 'e Vijverberg

29 apr 2004 - 00:00

Sportclub Cambuur moat it tongersdei yn Doetinchem dwaan sûnder Jan Bruin. De spits út Tsjom hat in lichte blessuere oan de achillespezen. Syn ferfanger is de Finske oanfaller Mikka Ilo. Cambuur kin de mouwen opstrûpe tsjin de superboeren, want by in oerwinning kinne sy kampioen wurde fan 'e fjirde perioade en neikompetysje ôftwinge.

De talintedei fan Cambuur op 4 maaie is hielendal fol. Op de dei sille 150 jeugdfuotballers har presintearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)