Huzen mooglik ûntromme op Himrik

© Omrop Fryslân
In groep partikulieren moat nei alle gedachten harren hûs út op bedriuweterrein De Himrik yn Ljouwert. De huzen stean oan 'e Cereswei, mar de grûn dêr hat in yndustriële bestemming. De eigners witte dat al in skoft. Se bliuwe lykwols sitten.
De saak wie foar de Rie fan Steat en dy hat de gemeente gelykjûn. De eigners wachtsje op in reaksje fan 'e gemeente. Se sjogge net folle mooglikheden mear om de saak oan te fjochtsjen.