Sneue Keninginnedei foar skilder

29 apr 2004 - 00:00

De gemeente Grins wol net dat keunstskilder Marten Sybesma fan Kûbaard in skilderij oerlanget oan 'e Keninginne. Op Keninginnedei brint sy in besite oan 'e stêd. Sybesma makke yn opdracht fan de Universiteit fan Grins (RUG) in skilderij foar har.

Mar de gemeente fynt sa'n oanbieding te stiif. Spultsjes en aksje dogge it better op televyzje. Sybesma is teloarsteld, want hy hie it wol in eare fûn. De RUG keapet it skilderij no wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)