Boerd Twizel skoot net op

© Omrop Fryslân
It plaknammeboerd fan Twizel oan de Rykswei wurdt net ferpleatst. Fjouwer huzen oan dy wei falle foar de post ûnder Koatstertille. De bewenners soene ek offisjeel yn dat plak wenje as it boerd ferpleatst wurdt.
Neffens de FNP is it wetlik mooglik de beboude kom fan Twizel te ferlizzen. Op advys fan de plysje en it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân hawwe boargemaster en wethâlders lykwols oars besletten.