Nynke Beetstra wint Frysk diktee

© Omrop Fryslân
Nynke Beetstra fan Grou hat woansdei it Frysk diktee wûn. Se hie njoggen flaters makke yn de tekst, dy't gong oer it ferskil tusken manlju en froulju. Nynke wurket as redakteur nije media by Omrop Fryslân en hat ek in eigen taalburo.
Twadde is wurden Fedde Dijkstra fan Wurdum, mei alve flaters. Hobbe Akkerman út Assen waard mei fyftjin flaters tredde. It Frysk Diktee waard woansdeitejûn hâlden yn it Provinsjehûs.