Cambuur traktearret trouwe fans

28 apr 2004 - 00:00

De spilers fan Cambuur hawwe 50 trouwe supporters útnoege foar de útwedstriid fan tongersdei tsjin De Graafschap. De seleksje wol sa de fans betankje foar de stipe yn it teloarstellend ferrûne seizoen. De spilersgroep betellet de busreis en it tagongskaartsje foar it duel yn Doetinchem.

Raymond Bronkhorst, Jan Bruin, Jelmer Slager, Ale Geert de Vries en Michel van Zundert hawwe de fans belle dy't geregeld de útwedstriden besochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)