Nije dyk Stiens-Ljouwert bekend

28 apr 2004 - 00:00

It trasee fan de nije dyk tusken Stiens en Ljouwert is woansdei bekend makke. De dyk begjint tusken de krusing fan de dyk Ljouwert-Holwert mei dy tusken Stiens en Sint Anne. De dyk mei de namme Noardwesttangent komt út op de dyk tusken Marsum en Berltsum.

De nije dyk moat it ferkear yn Ljouwert better ûntslute. Neffens de provinsje is dit trasee it bêste foar it miljeu. De oanlis kostet 20 miljoen euro. De dyk moat yn 2007 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)