Opsterlân hâldt jild oer

28 apr 2004 - 00:00

Opsterlân hat ferline jier hast trije miljoen euro oerhâlden. Dy meifaller betsjut net dat de earder plande besunigingen komme te ferfallen. It giet foar it grutste diel om meifallers dy't mar ien kear foarkomme. Fierder is in tal wurken yn 2003 net útfierd en is it jild dêrfoar yn de gemeentekas bleaun.

Yn 2002 hâlde Opsterlân noch mear oer. It saldo lei doe trije-en-in-heale ton heger as yn 2003.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)