Sertifikaat foar piramideskoalle

© Omrop Fryslân
Twa jier lyn begûnen twa basisskoallen en in pjutteboartersplak yn Snits mei de piramidemetoade. Dat is in metoade dy't it foar pjutten en beukers makliker makket nei groep 3 te gean. Dat komt om't se sûnder it yn de gaten te hawwen al sifers en letters leare.
De ûnderfiningen binne goed. Tiisdei krigen de 3 skoallen in sertifikaat en dêrmei binne se offisjeel piramide- skoalle. It giet hjir om in lanlike metoade, betocht foar achterstânswiken.