Fries komt om mei fleantúchje

27 apr 2004 - 00:00

In ynwenner fan Gytsjerk (60) is by in fleantúchûngelok yn de Frânske Bourgogne om it libben kommen. De man wie mei syn sweager út it Drintse Peize yn in twapersoans fleantúch ûnderweis fan it Dútske Leer nei Spanje. Ek de Drint kaam om.

By de lâning op it fleanfjild Pouilloux rekke it fleantúch yn de problemen en stoarte del. It baarnde folslein út. Nei alle gedachten hat de hurde wyn in rol spile by it ûngemak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)