Gelykspul Jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De beloften fan SC Hearrenfean hawwe moandeitejûn kostbere punten ferspile. De ploech fan trainer Jan de Jonge kaam yn en tsjin Volendam net fierder as in 0-0 gelykspul. Hearrenfean mocht net kleie, want de thúsklup rekke twa kear de latte.
Ajax, dat net yn aksje kaam, profitearret fan de heale misstap fan Hearrenfean en giet no oan de lieding. De Amsterdammers hawwe mei noch twa duels te gean ien punt foarsprong.