Partij vh Noorden docht mei

© Omrop Fryslân
De Partij voor het Noorden docht wol mei oan de Europeeske ferkiezings, sa hat it partijbestjoer moandei besletten. Earder stelde de partij al it ferkiezingsprogramma fêst. Sa wolle se besykje mear stipe foar de regio, it Frysk en de streektalen te krijen. Ek de ierdgasbaten en de Waadsee hat grutte prioriteit foar de partij.
Listlûker fan de Partij voor het Noorden is de Grinzer Teun Jan Zanen. Twadde is op de list is Jan vd Baan.