Krityk op ûndersyk greidefûgels

© Omrop Fryslân
Minister Veerman fan Lânbou hat krityk op in ûndersyk fan de Universiteit Wageningen oer greidefûgels. Dat ûnder- syk stelt dat de fûgels net in soad ha oan agrarysk natuerbehear troch boeren. De minister is it dêr net mei iens.
Wichtige greidefûgelgebieten, lykas yn Fryslân, binne net meinaam yn it ûndersyk. Veerman wol gjin subsydzje jaan foar it ferheegjen fan de wetter- stannen yn de greide. Neffen de ûndersikers soe dat in goeie saak wêze.