Kolleezje DS praat oer krisis

26 apr 2004 - 00:00

It kolleezje fan Deputearre Steaten praat moandei oer de politike krisis dy't ûntstien is oer it streekplan. De posysje fan deputearre Anita Andriesen stiet ûnder druk omdat sy de wizigings dy't de steaten trochfiere wolle yn it streekplan ûnakseptabel neamd hat.

As de steaten fêsthâlde oan harren stânpunt dan soe Andriesen en mooglik sels it folsleine kolleezje opstappe moatte. De steaten wolle de gemeenten mear frijheid jaan yn it streekplan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)