Ljouwert skoart net as wenstêd

26 apr 2004 - 00:00

Ljouwert is net oantreklik om te wenjen. Op in list fan fyftich grutste stêden skoart de Fryske haadstêd in 42ste plak. Oarsaken binne de hege kriminaliteit en te min banen yn de buert neffens ûndersyk fan de 'Atlas van Gemeenten'.

Amsterdam is de oantreklikste stêd om te wenjen. Heerlen skoart it minst goed. Undersikers ha nei 40 punten sjoen lykas berikberheid, kultuer, natuer en wannear't huzen boud binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)