Opknappen toer Twizel djoerder

© Omrop Fryslân
De restauraasje fan de tsjerketoer yn Twizel falt 10.000 euro djoerder út as begrutte. Der moatte folle mear foegen yn de toer út de tolfde ieu ferfongen wurde as tocht. Earst soe it gean om 100 kante meter. By neiere ynspeksje die bliken dat inselde stik oantaaste wie.
Troch de ARBO-regels moatte ek in tal oanpassingen oan de tsjerke dien wurde. De ekstra kosten komme foar rekken fan de gemeente Achtkarspelen.