Spijkerman wint Omloop fan Snits

© Omrop Fryslân
Bertine Spijkerman (21) fan Sint Nyk wûn snein yn Snits de alderearste Omloop fan Snits/Súdwest-Fryslân oer 123 kilometer. Der kamen by dizze ynternasjonale koers 165 froulju oan de start. 25 kilometer foar de ein ûntsnapte in kopgroepke fan seis froulju. Yn Snits wûn Spijkerman de einsprint fan de Dútse Teutenberg.
De Australyske Katherina Bates waard tredde. Leontien van Moorsel skittere troch ôfwêzichheid.