Motorrider komt om by ûngelok

25 apr 2004 - 00:00

By in ûngelok tusken Himmelum en Riis is sneontemiddei in motorrider (38) fan Warns om it libben kommen. De motorrider rekke op de splitsing fan 'e Nijbuorren en de Mientwei yn botsing mei in automobiliste (27) fan Boalsert. De frou seach de motorrider net oankommen. De man wie op slach dea.

Op de A7 by Wûns binne sneontenacht in bestjoerder en twa ynsittenden ferwûne rekke. De bestjoerder (21) fan Drylts sloech mei de auto oer de kop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)