Plysje faget Midstrjitte skjin

© Omrop Fryslân
De plysje moast yn 'e nacht fan sneon op snein optrede yn 'e Jouster Midstrjitte. Dêr hong in broeierige sfear, neidat in frou út Hearrenfean klappen krige. Freonen fan de frou wachten bûten op de dieder en syn maten. De plysje moast tuskenbeide komme om in fjochtpartij te foarkommen.
It waard pas wer rêstich neidat 14 plysjeminsken mei help fan twa hûnen de Midstrjitte yn liny skjinfagen. Der waarden twa minsken oanhâlden.