Van der Veen 3de yn Des Moines

© Omrop Fryslân
Atlete José van der Veen is sneon by de tige sterk besette Drake Relays yn it Amerikaanske Des Moines tredde wurden op de 800 meter. De race waard wûn troch Johannes Nilsson yn 2.06'26"'. Sheena Gooding fan Barbados, dy't koartlyn noch aksje kaam op de WK yndoor yn Budapest, waard twadde yn 2.06'62".
Friezinne-om-utens Van der Veen die twa minuten, sân tellen en achtentritich hûnderste oer de 800 meter.