Fryske literatuer tige súksesfol

25 apr 2004 - 00:00

De Fryske literatuer hat noch nea sa súksesfol west as hjoeddedei. Dat sei foarsitter Boersma fan it skriuwersbûn sneon op 'e ledegearkomste. Neffens Boersma binne der nea safolle nije titels ferskynd as yn 2003. Ek it tal oersettings fan it Frysk nei it Nederlânsk hat noch nea sa heech west.

Boersma tinkt dat it súkses foar in wichtich part te tankjen is oan jonge Fryske skriuwers as Tsead Bruinja en Albertina Soepboer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)