15.000 minsken nei iepen dei MCL

© Omrop Fryslân
Op de iepen dei fan it ferboude sikehûs MCL yn Ljouwert kamen sneon 15.000 minsken ôf. It publyk koe op ferskate ôfdielings sjen wat der allegear bart. Der wie in spesjale rûte útset fan de gipskeamer oant de MRI-scan.
Bûten it sikehûs wie in pasjintemerk mei ynformaasje fan ûnder oaren pasjinteferienings. Ek koene de ambulânse en de SAR-helikopter besjoen wurde.