Bestjoer Stamboek mei bliuwe

© Omrop Fryslân
De leden fan it Frysk Hynstestamboek ha freedtejûn mei in grutte mearderheid har stipe oan it ynterimbestjoer jûn. Op de gearkomste yn it Drafsintrum yn Wolvegea koene de leden kieze oft se in bestjoersferkiezing woene.
Doe't agindapunt 10 yn stimming kaam, krigen foarsitter Van der Meulen en sekretaris Fennema hast de hiele seal achter har. Van der Meulen wie net by de gearkomste om't er earder mei de dea bedrige wie.