Oefengranaat ôfsketten yn kafee

© Omrop Fryslân
Yn kafee De Oude Stoep oan de Doelesteech yn Ljouwert ha twa manlju tongersdeitejûn let in oefengranaat ôfgean litten. As gefolch fan 'e ûntploffing moasten alle oanwêzigen it kafee ferlitte. Doe't de eigner fan it kafee de manlju oanspruts waard hy agressyf troch harren benadere.
De manlju koene letter troch de plysje oanhâlden wurde oan it Ruterskertier. It giet om in man út 's Gravezande (47) en ien út Naaldwijk (23).