Fersomboetes yn sikehuzen

23 apr 2004 - 00:00

De Fryske sikehuzen witte noch net oft se boetes útskriuwe sille foar it net ferskinen op ôfspraken. Fan de minister fan Folkssûnens meie sikehuzen foar fersom mei yngong fan 1 maaie 20 euro yn rekken bringe.

De Feriening fan Fryske Sikenhuzen is dêr net posityf oer. Fersom op grutte skaal bart benammen yn 'e Rânestêd en it ynbarren fan 'e boetes jout problemen. De Fryske direksjes prate mei-koarten oer de fersomboetes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)