Akkrumer tsjerke is protestants

23 apr 2004 - 00:00

De tsjerkemienskip fan Akkrum is ien fan de earsten dy't de nije namme Protestantse Gemeente krijt. De nammeferoaring is de lêste stap yn it Samen-op-Weg-proses fan herfoarmen en grifformearren.

Yn Akkrum wurken de tsjerken al mear as tsien jier gear. De nije namme is eins neat oars as in formaliteit. Lang net alle Samen-op-Weg-gemeenten binne al safier dat se hielendal fusearje kinne ta ien Protestantse Kerk Nederland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)