Mear wurkleazen yn Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
De wurkleazens yn Achtkarspelen is yn twa jier fan 6 nei goed 14 persint. De gemeente sit dêrmei boppe it provinsjale trochsneedsifer.
It wurkleazenssifer kaam tongersdei oan 'e oarder yn de riedsgearkomste fan Achtkarspelen by it petear oer de útwreiding fan it bedriuw Enitor yn Bûtenpost. As de keunststoffabrikant tastimming krijt om út te wreidzjen, komme der fyftich arbeidsplakken by.