Opera Bonifacius yn 9 talen

© Omrop Fryslân
De Opera Bonifacius oer libben, wurk en dea fan Bonifatius sil op 9 septimber yn Ljouwert yn premiêre gean. De muzyk is fan 'e Fryske komponist Henk Alkema. De sjongteksten fan tekstskriuwer Peter te Nuyl binne yn mar leaufst njoggen talen, wêrûnder âld-Frysk, hjoeddeisk Frysk, Gotysk, Latyn en Ingelsk. Te Nuyl wol sa oanjaan dat it libben fan Bonifatius him yn hiel Europa ôfspile.
Oanlieding foar de opera is de moard op Bonifatius, dit jier 1250 jier lyn.