Swimkaartsje Menaam nei 10 euro

22 apr 2004 - 00:00

Kaartsjes foar iepenloftswimbad Schatzenburg by Menaam sille dizze simmer tsien euro kostje. Ferline jier hoechde noch net de helte fan dat bedrach betelle te wurden. De ferheging is neffens eigner Van Booma nedich om it swimbad draaiende te hâlden.

Omdat Schatzenburg gjin subsydzje fan de gemeente Menameradiel krijt, moatte de kosten út de kaartopbringst komme. It swimbad slute by min waar is Van Booma earder troch de gemeente ferbean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)