NMa tikket Accell op 'e fingers

22 apr 2004 - 00:00

Fytsefabryk Accell op It Hearrenfean hat in miljoeneboete krige fan 'e NMa, de Nederlânske Mededingingsautoriteit. Accell moat 12,8 miljoen euro betelje foar ferbeane priisôfspraken mei oare fytsfabrikanten. De boete is heger as de jierwinst fan it Feanske bedriuw.

Accell sil no beswier oantekenje, nei't der ferline jier al in proses tsjin de NMa oanspand is. De oare fytsfabrikanten Gazelle en Giant moatte 12,9 miljoen en 4 miljoen euro betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)