Asylsykster Burgum ûnderdûkt

21 apr 2004 - 00:00

In asylsykster (41) út Burgum is tiisdei ûnderdûkt. De Sûdaneeske frou soe woansdei as earste fan de asyl- sikers dy't koarter as trije jier yn it lân binne en gjin ferbliuwsfergunning hawwe, útset wurde. Sy wachte it net ôf en ferdwûn nei in adres yn Rotterdam.

Wethâlder Hemmes, ek portefeuillehâlder fan de Feriening Fryske Gemeenten, seit as reaksje dat gjin inkele asylsiker op strjitte set wurde mei. Hoe lang of koart se ek yn Nederlân binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)