Taksysjauffeur ûntfierd

21 apr 2004 - 00:00

In taksysjauffeur (39) yn Ljouwert hat tiisdei in skoft ûntfierd west troch in klant. Se pikte by it stasjon de klant op dy't nei in plak fier ôf woe. Dêr waard se mei in pistoal bedrige en fêstbûn. Se moast har jild ôfjaan.

De ûntfierder ried in tiidsje mei har troch de stêd. Uteinlik stapte de ûntfierder út de auto. De taksysjauffeur koe harsels losmeitsje. De man is útnaaid. It is ûndúdlik hoefolle jild oft er meinaam hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)