Fytser stoarn nei botsing

© Omrop Fryslân
In ynwenner (79) út Nijeholtwâlde is tiisdeitenacht stoarn as gefolch fan in oanriding. In frachtweinbestjoerder ried tiisdeitejûn op de Heerenweg by de krusing mei de Meerweg yn Ousterhaule. Op dat momint fytste de man op de Meerweg en woe ôfslaan om de Heerenweg yn te riden. Hy seach de frachtwein oer de holle.
By de botsing rekke de fytser ferwûne. Yn it sikehûs op It Hearrenfean is it slachtoffer letter ferstoarn.