Fryslân bûcht him oer ôffal

21 apr 2004 - 00:00

Fryslân sil mei in tal regio's út oare Europeeske lannen besjen hoe't je it bêste omgean kinne mei it ferwurkjen fan ôffal. Deputearre Steaten wolle foar it projekt 120.000 euro útlûke.

Sintraal yn it ûndersyk stiet hoe't de nije lidsteaten fan de Europeeske Uny har ôffal ferwurkje. It projekt jout de mooglikheid om Fryske aktiviteiten op dat mêd út te wreidzjen. De provinsje Fryslân is lieder fan it gearwurkings- ferbân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)