Jild foar Grensgeschil op Oerol

© Omrop Fryslân
Oerol op Skylge krijt dit jier hast 36.000 euro ekstra subsydzje fan de provinsje foar 'Grensgeschil'. Mei de stipe kin opkeard wurde dat in wichtich part fan de programmearring ferdwynt om't der te min jild foar is. Grensgeschil is in projekt fan sân Fryske byldzjende keunstners.
De provinsje jout takom jier 90.000 euro subsydzje oan it festival op Skylge. Dat is trije kear safolle as dit jier.