Kuipers sjocht Waadeilannen

21 apr 2004 - 00:00

Kosmonaut André Kuipers hat út de romte de Waadeilanen sjoen. It wie it earste wat er fan Nederlân seach. Kuipers joech in koart ynterview. De lansearring wie fantastysk, sei er laitsjend.

De Nederlanner waard moandei mei syn Russyske en Amerikaanske kollega de romte ynsketten mei in Sojoez-raket. De trije kosmonauten stapten woansdeitemoarn oer yn it romtestasjon ISS.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)