Opsjes foar gemeentehûs Skier

21 apr 2004 - 00:00

It nije gemeentehûs op Skiermûntseach is wer in stap tichterby. De plysje en de gemeente ha praat oer fiif mooglike opsjes foar in nij ûnderdak foar beiden. In earder plan is ferline jier ynlutsen troch de ried om't it te djoer waard.

De opsjes wurde begjin maaie foarlein oan de ried. Arsjitekteburo Gunnar Daan jout dan útlis. Dêrnei kinne de eilanners de plannen ynsjen. It is noch ûndúdlik wannear't it beslút falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)