Nederlân derút by muorrekeatsen

© Omrop Fryslân
De Nederlânske WK-ploech is tiisdei útskeakele by it muorrekeatsen. Simon Minnesma en Michel van der Veen ferlearen de poulewedstriden fan Meksiko en Argentinië. Tsjin it favorite Argentinië waard it 21-9, fan Meksiko waard mei 21-6 ferlern.
De wedstriid tsjin Argentinië begûn mear as twa oeren letter as pland. De Friezen giene net ôf, mar wiene net by steat om de achterstân yn it begjin fan 'e partij wer yn te rinnen.