Woanskip net yn museumhaven

© Omrop Fryslân
Twa shantykoaren en Anneke Douma koene sjonge wat se woene, mar in mearderheid fan 'e Ljouwerter ried wol it woanskip gjin plak jaan yn 'e museumhaven. Dy haven is en bliuwt allinnich foar âlde skippen en net foar it arkje dêr't Anneke Douma oer sjongt.
It sjongende protest soarge wol foar in fleurich begjin fan 'e riedsgearkomste. Anneke Douma hat it arkje kocht. Se wol it opknappe en in plak jaan yn 'e museumhaven, mar dat wurdt in toer.