ICT-Fryslân op netwurkbeurs

© Omrop Fryslân
Fryske kompjûterbedriuwen moatte hurder raze om boppe it Westerske gewauwel út te kommen. Dat is it motto fan ICT- feriening Fryslân op in grutte ICT- netwurkbeurs yn Amsterdam. Dêrom pakke se grut út.
It is de ICT-feriening Fryslân slagge om mei in gruttere stand te kommen as bygelyks KPN, Microsoft of Vodafone. Sa moat ek Fryslân yn de ICT-wrâld op 'e kaart set wurde.